Wêrom is de app wichtich?
Help de fersprieding fan it koroanafirus te kearen
CoronaMelder warskôget dy neidatst yn de buert west hast fan immen mei koroana. Sa kinst tefoaren komme datst de minsken om dy hinne ûnbewust besmetst. It delheljen fan de app is altyd frijwillich.
Hoe wurket it?
Do krigest in melding neidatst ekstra kâns op besmetting rûn hast.
De app stjoert in melding ast op syn minst 15 minuten ticht by immen west hast dy’t letter koroana bliek te hawwen. Dy persoan moat ek de app brûke.
Hoe wurket it?
CoronaMelder brûkt bluetooth, gjin lokaasjegegevens
De app sjocht fia bluetooth ast ticht by immen wiest. Hoe tichter by hoe sterker it bluetoothsinjaal. De app wit net wêr’tst west hast en wa’tst bist.
Foarbyld
Fytst immen foarby? Dat krigest letter gjin melding
It bluetoothsinjaal wie sterk genôch omdat jimme ticht byinoar wiene. Dat wie allinne sa koart dat de kâns op besmetting hiel lyts is.
Foarbyld
Siest ticht by immen yn de bioskoop? Dan kinst letter wol in melding krije
It bluetoothsinjaal wie sterk genôch en jimme wiene in langer skoft ticht byinoar yn ‘e buert.