Taal: Frysk
CoronaMelder
Logo CoronaMelder app

Hoe helpt CoronaMelder tsjin koroana?

CoronaMelder helpt de GGD by it kontaktûndersyk. De app warskôget dy datst miskien besmet bist. Sadatst foarkomme kinst datst it firus ûnbewust op oaren oerdraachst.

Hast yn ’e buert west fan immen dy’t koroana blykt te hawwen? En lit dy persoan fia CoronaMelder witte dat hy of sy besmet is? Dan krijst dêrnei in melding yn de app. Reitsje net yn panyk: it is net wis datsto dan ek koroana hast. Wol hasto mear kâns op besmetting.

Yn de melding dy’tst yn de app krijst, stiet presys watst dwaan moatst. Lês ek: Wat moat ik dwaan as ik in melding krij?

CoronaMelder wurket gear mei koroana-apps fan oare EU-lannen. Sa wurde bygelyks minsken yn de grinsregio’s fan Nederlân warskôge. Of minsken út oare lannen dy’t yn Nederlân wenje, wurkje, fakânsje fiere of winkelje.

Lês ek:

Waar kan ik hulp krijgen bij het installeren van de app?