Taal: Frysk
CoronaMelder
Logo CoronaMelder app

Wêrom wurdt KoroanaMelder tydlik stopset?

In protte koroanamaatregels jilde no net mear. Dêrom hat KoroanaMelder op dit stuit folle minder nut. KoroanaMelder jout dy in melding mei in advys ast yn ‘e buert fan immen mei koroana komst. Omdatst no net mear thús hoechst te bliuwen nei kontakt mei immen mei koroana, kin de app dy gjin advys mear jaan. De measte minsken hoege nei in positive selstest ek net mear nei de Gemeentlike Sûnenstsjinst (GGD) foar in befêstigingstest. De app wurket allinnich mei befêstigingstesten fan de Gemeentlike Sûnenstsjinst. Dêrom kinne der no folle minder meldings ferstjoerd wurde. Om dy twa redens wurdt de app no tydlik stopset. Mar koroana is noch net oer. As de app wer nuttich is yn it bestriden fan it firus kin KoroanaMelder op ‘e nij oanset wurde.