Taal: Frysk
CoronaMelder
Logo CoronaMelder app

Hoe wurket de app?

CoronaMelder stjoert dy in berjocht ast 15 minuten yn de buert west hast fan immen dy’t besmet is mei it koroanafirus – as dy persoan alteast ek CoronaMelder op syn telefoan hat. Sadwaande kinst op tiid aksje ûndernimme, lykas it dwaan fan in koroanatest en thúsbliuwe. Sa foarkomst datst it firus ûnbewust op oaren oerdraachst.

De CoronaMelder-app wurket sa:

  1. CoronaMelder sjocht fia bluetooth oftst deunby immen west hast dy’t de app ek hat.
  2. Wat sterker it sinjaal, nammerste tichterby hast west. Sa bepaalt de app oftst binnen 1,5 meter ôfstân west hast.
  3. De app wurket sûnder dyn lokaasje, namme, mailadres, telefoannûmer of oare kontaktgegevens. De app wit net wa’tst bist, wa’t de oar is of wêr’t jim binne.
  4. Ast yn de buert west hast fan immen mei it koroanafirus dy’t dat trochjout fia de app, dan krijsto letter in melding fan de app.
  5. Ast sels it koroanafirus krijst, dan kinst dat yn de app witte litte. Dan warskôget de app minsken mei wa’tst kontakt hân hast.

Yn in melding stiet allinne wannear’t immen deunby in besmet persoan west hat. Dus net wa’t dat is of wêr’t se dy persoan tsjinkaam binne.

Lês ek:

Download de CoronaMelder-app:

Tink derom: De app wurket yn it Frysk allinne op Android tastellen dy’t Frysk as systeemtaal stypje. Do kinst Frysk as taal foar dy tastellen yn de ynstellingen fan Android ynstelle. iPhones stypje Frysk as systeemtaal spitigernôch net. Yn de oare talen kin yn de Appstore hjir de app wol delhelle wurde.