Taal: Frysk
CoronaMelder
Logo CoronaMelder app

Hoe stjoer ik oaren in melding?

As út dyn test blykt datst koroana hast, dan kinst dat trochjaan fia de CoronaMelder-app. Dat dochst fia de website www.coronatest.nl of fia it telefoanpetear mei de GGD. Dan krijst in persoanlike GGD-kaai dy’t bestiet út 7 sifers en letters. Dy joust troch fia de CoronaMelder-app. Allinne minsken dy’t werklik besmet binne kinne in melding stjoere.

Nei’t dyn GGD-kaai kontrolearre en ferstjoerd is, ferliket it systeem efter CoronaMelder de koades út dyn telefoan mei dy fan minsken dy’t CoronaMelder ek brûke. Wie dyn koade yn de buert fan in koade fan in oar? Dan krijt dy CoronaMelder-brûker in melding dat hy of sy yn de buert wie fan immen mei koroana. Sûnder dat de ûntfanger wit wa’t dat wie.

Lês ek: