Taal: Frysk
CoronaMelder
Logo CoronaMelder app

Hoefolle data en stroom ferbrûkt de app?

De app ferbrûkt net in soad enerzjy. Om te sjen oftst by oaren mei CoronaMelder yn de buert west hast, brûkt de app Bluetooth Low Energy (lege-enerzjy-bluetooth). Dat is in spesjale foarm fan bluetooth dy’t weinich stroom ferbrûkt. Hoefolle prosint fan dyn batterij oft de app krekt brûkt, ferskilt per telefoan.

De app ferbrûkt in pear kear deis data om te sjen oft immen by wa’tst yn de buert west hast, besmet is. De app ferliket dêrfoar de koades op de server mei de koades dy’tst fia bluetooth útwiksele hast. Dy koades binne dan 14 dagen op dyn telefoan bewarre.

Ekstra datakosten kinst foarkomme troch der yn de ynstellings foar te kiezen dat allinne data ferbrûkt wurde ast ferbining hast mei wifi. Der gean gjin gegevens ferlern; se wurde allinne op in letter tiidstip útwiksele.

Lês ek: