Wannear krij ik in melding?
Wannear krij ik in melding?
Do krigest in warskôging neidat:
- immen fia CoronaMelder yn ‘e mande mei de GGD oanjout it koroanafirus te hawwen,
- én do yn de ôfrûne dagen yn de buert west hast fan dy persoan,
- én jimme doe op syn minst 15 minuten ticht byinoar wiene.
Do wiest bygelyks:
- mei wat minsken út te iten of by in buorrel,
- yn in winkel,
- yn in wachtrige,
- oan it reizgjen (iepenbier ferfier),
- oan it sporten,
- op it wurk,
- op skoalle, en krigest dan letter in melding.
Mar fytste immen foarby? Dan krigest gjin melding: jimme wiene koart byinoar yn ‘e buert.