CoronaMelder
Logo CoronaMelder app

Wurket CoronaMelder ek op myn telefoan?

De app wurket yn it Frysk allinne op Android tastellen dy’t Frysk as systeemtaal stypje. Do kinst Frysk as taal foar dy tastellen yn de ynstellingen fan Android ynstelle. iPhones stypje Frysk as systeemtaal spitigernôch net.

De Nederlânske ferzje fan de app wurket op 95% fan alle telefoans.

Android: CoronaMelder wurket op de measte Android-telefoans me fersy 6 of nijer.

iPhone: CoronaMelder wurket op Apple iPhones mei it bestjoeringssysteem iOS 13.5 of nijer. iOS 13.5 kin op de iPhone 6s , iPhone SE en nijer ynstallearre wurde. Apple en Google hawwe harren bestjoeringssystemen oanpast sadat CoronaMelder mei Bluetooth Low Energy wurkje kin. Apple biedt dat allinne oan foar de fersy iOS 13.5 (iPhone 6s en nijer) of heger. iOS 12 ûntfangt wol befeiligingsupdates, mar gjin funksjonele updates. De Nederlânske oerheid hat gjin ynfloed op it updatebelied fan Apple.