Gearwurking CoronaMelder mei oare lannen

Fan 30 novimber 2020 ôf wikselet CoronaMelder koades út mei apps út in tal oare Europeeske lannen. Dat bart op deselde wize as tusken twa brûkers fan CoronaMelder. As dêrnei út in koroanatest bliken docht dat ien fan jim koroana hat en dat yn de app meldt, dan kriget de oar in melding.

Fan 30 novimber ôf wurket CoronaMelder gear mei de koroana-apps út:

Wêrom dizze gearwurking?

Do kinst in bûtenlânske brûker fan in koroana-app yn Nederlân tsjinkomme, bygelyks ast immen út Dútslân moetest dy’t hjir op reis is. Of do kinst sels yn it bûtenlân in oare reizger moetsje, bygelyks ast nei Dútslân reizgest óf ast immen út Dútslân yn Denemarken tsjinkomst.

As de bûtenlânske brûker letter koroana blykt te hawwen en beslút om dat yn de app te melden, dan krigesto in melding fan CoronaMelder. En oarsom. De gearwurking mei apps fan oare lannen is dus ek handich foar minsken dy’t yn grinsgebieten wenje en/of wurkje.

Testresultaat yn CoronaMelder melde

CoronaMelder wurket allinne yn gearwurking mei de Nederlânske GGD en mei yn Nederlân erkende testen. Ast in koroanatest yn it bûtenlân dochst en it docht bliken datst besmet bist, dan kinst dat dus net fia CoronaMelder melde.

Privacy

De apps fan de Europeeske lannen, dêr’t CoronaMelder mei gearwurket, hawwe allegearre deselde útgongspunten op it mêd fan privacy:

De gegevens, dy’t nei de mienskiplike server ferstjoerd wurde, wurde, krekt as by CoronaMelder, maksimaal 14 dagen bewarre. Der wurde gjin oare gegevens as de koades út de apps ferstjoerd nei of opslein op de server.

Europeeske lannen kinne harren oanslute op de mienskiplike server as se in desintralisearre app hawwe. De app hellet de koades fan brûkers op dy’t besmet blike te wêzen en ferliket dy mei de koades op dyn telefoan.

As ferliking: by in sintralisearre app wurde dy koades op in sintrale lokaasje sammele en dêr ferlike. Besjoch it oersjoch fan lannen mei sintralisearre en desintralisearre apps.